Metamorfoaze lab Izore

16 sep 2010 - 13:29

It laboratoarium Izore yn Ljouwert krijt in metamorfoaze. Sawol de binnen- as de bûtenkant fan de gebouwen wurde oanpakt. By Izore wurdt ûndersyk dien foar húsdokters en sikehuzen. Bygelyks nei firussen, baktearjes of parasiten. It gebou út de jierren '60 is net mear by de tiid. Sa is de stroomkapasiteit net berekkene op moderne apparatuer.

Wierskynlik set de ferbouwing begjin takom jier útein om twa jier letter klear te wêzen. De laboratoaria draaie yn dy tiid op folle kapasiteit troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)