Metamorfoaze foar Mar en Klif

25 okt 2013 - 19:17
  • Bern yn it besikerssintrum Mar en Klif

Besikerssintrum Mar en Klif yn Aldemardum slút fan kommende snein ôf de doarren. It besikerssintrum ûndergiet yn de wintermoannen in grutte ferbouwing. Kantoaren en ek de fêste tentoanstelling krije in metamorfoaze. It besikerssintrum bestiet no rom 20 jier en de tentoanstelling is likernôch like âld. Yn de nije tentoanstelling sil de skiednis en de natuer fan Súdwest Fryslân sintraal stean.

It besikerssintrum en VVV Gaasterlân Promotion sille oant en mei april takom jier sluten wêze. De ferbouwing sil nei alle gedachten 2,5 ton kostje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)