Metaalstellerijen oplost

09 des 2010 - 10:02

Mei de oanhâlding fan in 37-jierrige man út Ljouwert hat de plysje in soad stellerijen oplost. It giet om sechstich stellerijen fan koper en oar metaal út in fabryk oan de Slauerhofwei. Der wie tûzenen euro's skea oan it fabryk. De behearder moast de stroom in pear kear opnij ynstelle. Ein oktober wie de man dwaande it koper fan in bliksemôflieder fan in skoalle mei te nimmen. Hy waard troch de plysje oppakt. Op it plysjeburo bekende er. Hy sit noch hieltyd fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)