Metaaldieven oppakt by fersoargingshûs yn Drachten

15 nov 2014 - 12:03

De plysje hat freedtenacht op de Drift yn Drachten twa ynwenners fan dat plak oanhâlden fanwege de stellerij fan metaal. In tsjûge seach de twa fan 39 en 33 jier op it terrein fan in fersoargingshûs. Omdat er de boel net fertroude, warskôge er de plysje. Dy gie mei in hûn nei it terrein ta. Dêr waard earst de 39-jierrige man oanhâlden. Koart dêrnei waard ek de 33-jierrige pakt.

Beide manlju binne fêstset op it plysjeburo. It metaal dat se by harren hiene, is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)