Metaalbedriuw De Boer fallyt

22 apr 2006 - 08:50

In grutte opdracht yn de âlde werf fan Den Helder is it metaalbedriuw Pieter de Boer yn Easterwâlde fataal wurden. It bedriuw is fallyt ferklearre. Der wurken mei inoar 20 minsken.

Sy stean foarearst op strjitte, mar der wurdt al drok wurke oan in trochstart ûnder de namme Constructiebedrijf Oosterwolde. It bedriuw makke stielkonstruksjes foar de bou. Oer de opdracht yn Den Helder wie in slepende juridyske saak geande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)