Metaal moat jongeren opliede

23 mrt 2007 - 13:33
  • Der moat mear yn jongeren ynvestearre wurde

Fryske wurkjouwers yn it grut- en lytsmetaal moatte mear ynvestearje yn it oplieden fan jonge wurknimmers. Allinnich dan kin der wat dien wurde oan de fergrizing yn de sektor.

FNV-fakbûnsbestjoerder Anne van Dijk wol mei wurkjouwers ôfspraken meitsje om it wurkjen yn de metaal foar jonge minsken oantrekliker te meitsjen. Van Dijk konstatearret dat de measte metaalbedriuwen it fergrizingsprobleem net sjogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)