Mêst Hoogersmilde docht it wer

15 sep 2012 - 12:06
  • De stjoermêst fan Hoogersmilde is freed wer yn gebrûk nommen

De nije stjoerder op de mêst fan Hoogersmilde is freedtenacht yn gebrûk nommen. Dat betsjut dat de noardlike provinsjes wer in goede ûntfangst hawwe fan radio en televyzje. In tal stjoerders wie sûnt de brân yn july ferline jier min of hielendal net te ûntfangen.

By de brân stoarte de mêst yn. De needmêst yn Assen wie folle leger en hie dêrtroch ek folle minder berik. De nije mêst is mei 303 meter in bytsje heger as de oarspronklike. De mêst soe begjin augustus al yn gebrûk nommen wurde, mar troch it minne waar hat it langer duorre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)