Messestekker yn Stynsgea

22 nov 2009 - 15:02

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Stynsgea in 24-jierrige ynwenner fan De Westereen oanhâlden. De man wurdt derfan fertocht dat er in 22-jierrige ynwenner fan Surhuzum mei in mes yn de holle stutsen hat.

It slachtoffer wie fanút in kroech nei bûten rûn, doe't er de fertochte op strjitte mei dat mes rinnen seach. Dy bedrige him dêrnei en stuts him yn de achterholle. Dêrnei naaide de man út De Westereen út. Hy waard eefkes letter oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)