Messestekker fan 16 oanhâlden

04 des 2011 - 13:24

In 16-jierrige jonge út It Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein delstutsen troch in leeftiidsgenoat út De Knipe. De twa hiene op de Alde Koemarkt yn it plak rûzje krige. De Knypster jonge treau de oare jonge tsjin de grûn en stuts him mei in mes.

Plysjes hawwe de stekker oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. Hy sit fêst op fertinking fan besykjen ta moard of deaslach. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. Hy is net yn libbensgefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)