Messerschmitt yn Iselmar fûn

05 okt 2012 - 17:36
  • Messerschmitt
  • Messerschmitt

Definsje hat fan 'e wike flakby by it monumint op de Ofslútdyk stikken fan in Messerschmitt út de Iselmar helle. Dûkers hiene definsje tipt dat it Dútske oarlochsfleantúchje dêr lei. Se sochten nei in Lockheed fleantúch, mar fûnen yn stee dêrfan de Messerschmitt. Definsje hat flink wat wapens en munysje út it wrak helle. En ek stikken fan it fleantúch sels binne nei boppen brocht. Der binne gjin stoflike resten fûn.

Definsje besiket mei de stikken fan it wrak it fleantúchje te identifisearjen, om mear dúdlikheid te krijen oer de bemanning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)