Messen ynleverje by plysje

23 apr 2012 - 10:43

Stekwapens dy't mei yngong fan 1 maaie ferbean binne, kinne fan hjoed ôf ynlevere wurde by de plysje. Persoanen dy't in falmes, stiletto of flintermes by harren hawwe, krije fuortendaliks in boete fan 350 euro.

Yn alle plysjeburo's yn Fryslân stean konteners dêr't de wapens anonym yn dien wurde kinne. De plysje hopet dat ûnder oare âlden fan bern mei in stekwapen it mes ynleverje sille. Grutte messen wiene al ferbean, no meie alle stekwapens net mear, ek de lytse eksimplaren net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)