Messelûker op De Weaze troch omstanners oanpakt

18 jun 2015 - 12:56

Omstanners hawwe woansdei yn Ljouwert in 46-jierrige man út Den Dolder oanhâlden, dy't op de Weaze in befeiliger mei in mes bedrige. Omstanners seagen dat barren en grepen yn. Se wurken de man mei it mes tsjin de grûn en droegen him oer oan de plysje. De befeiliger hie de man earder út in kroech set om't hy him ferfelend gedroech. De messelûker sit noch fêst, it mes is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)