Mesdriging by parkearrûzje

16 des 2011 - 10:17

    Yn Harns is in ynwenner (42) fan dy stêd oanhâlden, omdat er in autobestjoerder mei in mes bedrige hie. Op in parkearterrein oan de Heiligewei moatst er efkes wachtsje, omdat in oare bestjoerder oan it ynparkearen wie. Dat duorre de him te lang, hy luts in mes en bedrige de bestjoerder. Dy belle 112 en joech it kenteken troch.

    De plysje hat de fertochte thús opsocht en fûn yn syn auto twa messen. Dy binne yn beslach naam. De man is nei it plysjeburo brocht.

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)