Mes yn tún mooglik moardwapen

21 jun 2010 - 10:34
  • Pytsje Bouma waard yn Froonacker mei in mes fermoarde

Yn in tún yn Frjentsjer is in mes fûn dat mooglik brûkt is as wapen by de moard op Pytsje Bouma út Frjentsjer. Dy waard heal maart mei in mes om it libben brocht yn har appartemint. It mes is fûn op de rûte tusken it hûs fan it slachtoffer en de frou dy't fertocht wurdt fan har dea. It giet dan om de skoandochter fan frou Bouma.

It mes waard fûn by wurk oan de tún. It is yntusken oerdroegen oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)