Mes by fjochterij It Fean

10 sep 2011 - 14:26

In 28-jierrige man út Haskerdiken is freed oanhâlden nei't er op de Dimpte Mûnewyk op It Hearrenfean mei in mes drige hie. Dêr wiene de middeis fjouwer manlju slaande deilis rekke. Doe't de plysje kaam, wiene se al útnaaid. Wol waard dúdlik dat de man út Haskerdiken in mes lutsen hie.

De plysje fûn de man yn in wenhûs oan de Van Dekemaleane. Hy is oanhâlden. It mes is yn beslach naam. De oarsaak fan de fjochterij leit yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)