Merkkeaplju bliid mei nij plak

07 sep 2008 - 13:14

De merkkeaplju fan de Ljouwerter sneonsmerk binne goed te sprekken oer it nije plak op it Waachplein. Sûnt dit wykein is de merk dêr, omdat de merkkeaplju net mear op it Saailân terjochte kinne.

De lêste tiid stiene de kreamen op twa ferskillende plakken. Foar in part fan de merkkeaplju rûnen de opbringsten bot werom. De merkkeaplju tinke dat der mear minsken as earder nei de merk komme sille, as de nije lokaasje meikoarten wat mear bekend is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)