Merkeweinen meie stean bliuwe

03 sep 2009 - 12:53

In ûndernimmer út Appelskea mei syn bûnt beskildere merkeweinen stean litte by de tagong fan Appelskea. Undernimmer Dijkstra hat de weinen delset yn ferbân mei de wyklikse Kamelenmarkt. De gemeente Eaststellingwerf hat dat leaver net, want dy fynt de kleurige weinen net by de yngong fan Appelskea passen.

Earder lei de gemeente Dijkstra sels in twangsom op fan fiiftûzen foar elke kear dat de mobile kreamen nei in merkedei stean bliuwe soenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)