Merkewein fan 'e dyk

13 jul 2009 - 10:03

Trije Ljouwerters binne sneitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de N383 by Bitgum. De bestjoerder (66) waard net goed en de frachtwein dy't er bestjoerde mei de merkewein deroan rekke fêst tusken de beammen.

De man en twa oare ynsittenden, in frou fan 50 en in famke fan 10, hawwe in skoftlang opsluten sitten. De bestjoerder moast nei it sikehûs, mar koe dêrnei wer nei hûs ta. Hy moat noch in rydfeardigenstest dwaan. Oant dy tiid mei er net ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)