Merke yn sintrum Ljouwert

12 okt 2011 - 21:08
  • De merke is yn de hjerstfakânsje

Yn it sintrum fan Ljouwert komt komt dit jier dochs in merke. Ein oktober sil oan de foet fan de Aldehou in merke hâlden wurde. Dy is net sa grut as de simmermerke op it Saailân yn 2013. Neffens de Ljouwerter merke-eksploitant Jerry Dalstra is it in tuskentiidsk alternatyf. Hy hat it idee betocht en grien ljocht krigen fan de gemeente Ljouwert.

Der sil in ferskaat oan oanbod wêze op de merke. Swiere attraksjes komme der net, want dat kin net by de Aldehou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)