Merk by jubileum Achtkarspelen

26 okt 2013 - 16:12
  • De histoaryske merk yn it gemeentehús Bûtenpost

Achtkarspelen hat har 675-jierrich jubileumfeest en de moanne fan de skiednis ôfsletten mei in histoaryske merk op it gemeentehûs yn Bûtenpost. Hjir koene alle doarpen út Achtkarspelen harren histoarje presintearje en waard der in film toand fan de besite fan Keninginne Juliana oan Achtkarspelen. Der wie ek teater en muzyk.

Oare aktiviteiten fan it jubileumfeest ôfrûne moanne wiene ûnder oare fytstochten en in eksposysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)