Merk foar mantelsoargers yn Beetstersweach

10 nov 2014 - 14:40

Yn it ramt fan de dei fan de mantelsoarch organisearret Mantelsoarch Opsterlân woansdei in merk foar mantelsoargers. It is in spesjale merk, dêr't alle mantelsoargers in weardebon krije fan 15 euro. Dêrneist binne der yn it doarpshûs De Buorskip allerhanne kreamkes mei ferskate artikels lykas tsiis, wyn en oare lekkere dingen.

De merk is ek bedoeld om de mantelsoargers mei elkoar yn kontakt te bringen. Boppedat is der live muzyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)