Merk Dokkum moat plein bliuwe

20 maaie 2008 - 22:28

Fierwei de measte minsken dy't harren miening jûn ha oer de takomst fan de Merk yn Dokkum, wolle dat it plein bliuwt sa as it is. Der moat gjin grut gebou komme en ek gjin keunstsinnich raamwurk dat de eardere abdij dy't op dat plak stie ferbyldzje moat.

Rom 65 persint fynt dat it plein allinnich in opknapbeurt nedich hat. Yn totaal brochten 501 minsken in stim út. Dat is folle minder as it gemeentebestjoer ferwachte hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)