Merk CDA yn Boarnsterhim

01 mrt 2010 - 09:26
  • Steatssiktaris Bijleveld giet moandei op kampanje yn Grou

It CDA yn Boarnsterhim organisearret moandeitejûn in merk foar pleatslike ûndernimmers. Dy kinne dêr ynformaasje krije oer de subsydzjeregelingen dy't der binne foar bedriuwen. It giet dan ûnder oare om de oanpak fan de ekonomyske krisis en mooglikheden op toeristysk mêd. Ferskate organisaasjes steane op de merk om ûndernimmers te ynformearjen.

Ek steatssiktaris Bijleveld fan Ynlânske Saken en deputearre Galema binne oanwêzich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)