Merk B'post giet net troch

28 maaie 2014 - 10:56

De grutte merk op Himelfeartsdei yn Bûtenpost giet tongersdei net troch. Dat lit de organisaasje witte. It Concoursterrein is troch de rein ekstreem wiet wurden. Neffens de organisaasje is dit de grutste merk fan Fryslân mei 20.000 besikers en goed 600 standhâlders. It is de earste kear yn tweintich jier tiid dat de merk net trochgiet.

Ek de autocross fan Blauhús giet tongersdei net troch. De organisaasje fan de autocross hat besletten de jubileumcross te ferpleatsen nei kommende snein 1 juny.

Alle koereurs is frege har op 'e nij yn te skriuwen foar dy datum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)