Merijn Olsthoorn wint Lemmer Ahoy

16 maaie 2015 - 11:57
  • Lemmer Ahoy yn 2014

Merijn Olsthoorn fan Amsterdam hat mei it skûtsje de 'Emanuel' Lemmer Ahoy wûn. It Lemster skûtsje fan Albert Visser waard twadde en de 'Wylde Wytse' fan Sikke Heerschop tredde. De einútslach is basearre op de fjouwer wedstriden fan freed en Himelfeartsdei, want it wedstriidsilen op de Iselmar gie sneon net troch.

De organisaasje fan Lemmer Ahoy fûn it mei wynkrêft 6 net ferantwurde om de wedstriid foar aken en skûtsjes trochgean te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)