"Mercuur sette moderne keunst yn Fryslân op de kaart"

20 jan 2016 - 20:50
  • Omrop Fryslân

Thom Mercuur hat de moderne keunst yn Fryslân op de kaart set. Dat seit Geart de Vries, direkteur fan Histoarysk Sintrum Ljouwert, woansdei yn Bynt. De Vries koe Mercuur goed. "De kracht fan Mercuur lei yn it útdragen fan de keunst. Hy wist it goed te ferkeapjen, ek bûten Fryslân", seit De Vries.

"De drive fan Mercuur wie dat hy sjen litte woe hokfoar moderne keunst der yn Fryslân te sjen wie." De oprjochting fan museum Belvédère tsjinne dat doel. Dat wie in dream dy't útkaam foar Mercuur. Hy hat him dêr syn libben lang foar ynspand.

Thom Mercuur ferstoar tiisdeitenacht. Hy is 75 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)