Mercator wurdt kennissintrum

18 des 2006 - 16:00

Undersyksprojekt Mercator Education fan de Fryske Akademy giet takom jier fierder as Europeesk Kennissintrum oer meartaligens en meartalich ûnderwiis. De provinsje en de gemeente stypje de plannen mei in bijdrage fan 470.000 euro út it stedskonvenant.

De takomst fan Mercator stie earder faai, omdat de Europeeske subsydzje ein dit jier ophâldt. Mercator giet earst fierder mei 5 meiwurkers. Op termyn kinne dat der 15 oant 20 wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)