Mercator teloarsteld yn Orban

22 sep 2008 - 11:20

Kennissintrum Mercator yn Ljouwert is teloarsteld yn de nije strategy fan Europees Kommissaris Orban foar it befoarderjen fan meartaligens. "In soad moaie wurden, mar te min konkrete maatregels", seit Alex Riemersma oer de strategy fan Orban.

De Roemeenske Eurokommissaris wol dat de Europeanen 'meartaliger' wurde, mar leit gjin jild by syn foarstellen om it taallearen te ferbetterjen. Orban brocht earder dit jier in besite oan de Fryske Akademy en Mercator.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)