Merakel foar De Jouwer

06 des 2004 - 10:32

De Jouwer hat snein foar in geweldige stunt soarge. Yn de haadklasse C wisten de Jouster fuotballers in 1-4 efterstân tsjin Quick '20 om te bûgen yn 4-4.

By rêst wie it noch 1-4. De Jousters spilen dramatysk en de wedstriid like spile. Mar yn de twadde helte skoarden de Jousters yn twa minuten twa kear en mei de 3-4 op it boerd leauden spilers en publyk der wer yn. Uteinlik wist de Jouwer noch 4-4 te meitsjen en in djoer punt te rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)