Menzo wol mei Cambuur omheech

05 mrt 2009 - 13:01

SC_Cambuur-trainer Stanley_Menzo hat mar ien doel no't syn kontrakt by SC Cambuur mei in jier ferlingd is: promovearje. Dit jier of takom jier, dat makket him net út.

Menzo jout oan dat hy en Cambuur al in hiel skoft ticht byelkoar sieten by de kontraktûnderhannelings. De trainer hat him wol steurd oan alle media dy't hieltyd by him kamen mei fragen oer it kontrakt. De spilersgroep fan Cambuur is bliid dat der no dúdlikheid is foar takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)