Menzo wierskynlik nei Cambuur

19 sep 2008 - 10:03
  • Stanley Menzo sjocht Cambuur wol sitten
  • Alex Pama wol Menzo as opfolger Koolhof

Trener Stanley Menzo sit mooglik tiisdei by de bekerwedstriid tsjin Swolle al op de bank by Cambuur. Dat hopet Cambuur-direkteur Alex Pama.

Cambuur hat dizze wike in earste petear hân mei Menzo. Freed nei de thúswedstriid tsjin RKC stiet in ferfolchgesprek op de rol. Neffens Pama is it gefoel fan beide kanten goed en hy hopet dat se der gau útkomme sille. Pama hopet dat Menzo dan dit wykein de groep al oer nimme kin fan waarnimmend trener Alfons Arts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)