Menzo hâldt opstelling geheim

26 feb 2009 - 15:12
  • Cambuur-trainer Stanley Menzo (foto: Martin de Jong)

SC_Cambuur-trainer Stanley_Menzo wol de opstelling foar de wedstriid tsjin RKC Waalwyk oant it lêste momint geheim hâlde. Der stiet in protte op it spul en dus wol Menzo de tsjinstanner net wizer meitsje as se al binne.

By winst komt SC Cambuur op likense hichte mei RKC, dat op dit stuit de nûmer twa fan de kompetysje is. Menzo beskikt oer in sa goed as folsleine seleksje. Allinnich Randy Rustenberg en Marc Mboua binne der net by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)