Menzo feroaret neat

26 aug 2010 - 13:28

SC Cambuur sil freed yn de thúswedstriid tsjin AGOVV begjinne mei deselde alve spilers as ferline wike. Trainer Stanley Menzo hat gjin reden om syn team te feroarjen. Mark de Vries krige de lêste tiid wat krityk, mar neffens Menzo is dat in kwestje fan foarm dy't wol wer weromkomt.

AGOVV mist wol in tal spilers. Nijeling Ugur Yildirim is blessearre, Angelo Martha en René Bot binne skorst, wylst ferline wike Ramon Leeuwin en Hesdey Suart ferkocht binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)