Mentor foar efterstân op skoalle

29 nov 2006 - 23:36

Der moat mear omtinken komme foar allochtoane bern en jongeren dy't yn Fryslân op skoalle sitte. Dat wolle de organisaasjes Partoer CMO Fryslân, Netwerk Parasol en Emancipatiebureau Equa.

Ut in resint ûndersyk docht bliken dat de taalefterstân fan allochtoane learlingen yn Ljouwert en omkriten grutter is as it lanlik trochsneed. In mentor of coach foar bern mei in efterstân moat dat oplosse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)