Menno Iedema nasjonaal kampioen triatlon 50-plus

12 sep 2015 - 14:22
  • De start fan de Tri-Ambla op It Amelân

Menno Iedema fan Drachten hat sneon by de 50-plussers de nasjonale titel pakt op de hiele triatlon op de Tri-Ambla op It Amelân. It is al de tredde titel yn koarte tiid foar Iedema, want hy waard resint ek kampioen op de sprint-triatlon en de heale triatlon. By de manlju en de froulju senioaren prolongearren Jorik van Egdom út Veendendaal en Sandra Wassink-Hitzert út Hoevelaken harren nasjonale titels.

De Tri-Ambla is in cross-triatlon oer it eilân, wêrby't de dielnimmers harren weagje oan in swimtocht yn de Waadsee.

Oanslutens geane se rinnend en fytsend troch de dunen, de bosk en oer it strân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)