Meningokokbesmetting yn Wolvegea

23 aug 2001 - 00:00

Der is op 'e nij in gefal fan meningokokbesmetting. De sykte waard it ôfrûne wykein konstatearre by in jonge fan 13 jier út Wolvegea. Hy is opnommen yn it sikehûs fan it Hearrenfean en makket it goed. It is noch net dúdlik om hokker fariant fan de baktearje it giet.

Der is neffens de GGD gjin ferbân mei de Ljouwerter meningokokgefallen. De famylje fan 'e jonge is yntusken yninte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)