Meningokok-kampanje ôfsletten

26 jun 2002 - 00:00

It earste part fan 'e ynintingskampanje tsjin de meningokok wurdt woansdei ôfsletten op Skylge, yn Burgum en yn Dokkum. Dêr krije sa'n 10.000 bern in prik. Foar de simmerfakânsje krigen bern fan 1 oant en mei 5 en fan 15 oant en mei 18 jier in prik. De oare bern folgje nei de skoalfakânsje.

Oant no ta hat 85 persint fan 'e bern dy't in oprop krige ek in prik helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)