Menameradiel wurdt offisjeel

27 aug 2010 - 10:02

B. en w. fan Menameradiel sille mei yngong fan 1 jannewaris 2011 de Frysktalige gemeentenamme trochfiere. Yn it kolleezjeprogramma stie noch dat de gemeente foarearst Menaldumadeel bliuwe soe. It kolleezje sjocht hjir fan ôf, omdat dan op 'e nij oerlein wurde moat mei it ministearje fan Ynlânske Saken en de provinsje.

Ek soe útstel ekstra kosten betsjutte. De nije Fryske namme wurdt stadich trochfierd. De namme komt pas op de kombuorden as dy ferfongen wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)