Menameradiel rekkent MFC troch

23 jun 2003 - 00:00

Der komt foarearst noch gjin multi- funksjoneel sintrum yn Dronryp. De gemeente Menameradiel wol dêr noch neat oer tasizze. De ôfrûne moannen binne de plannen foar sa'n sintrum troch in spesjale wurkgroep fierder útwurke.

Bibleteek, jongereinwurk, berneopfang, âldereinwurk en de speel-o-theek soene in plakje krije moatte yn it sintrum. Dêr is rûchwei 3 oant 4 miljoen euro foar nedich. Wethâlder Dykstra wol de plannen earst trochrekkenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)