Menameradiel makket ljochtfoto's fanút de loft

26 nov 2015 - 12:38
  • Strjiferljochting

De gemeente Menameradiel sil ynkoarten fanút de loft nachtscans meitsje fan alle lantearnepeallen en oare lampen yn de gemeente. Mei de foto's sil sjoen wurde oft al dat ljocht ek echt nedich is. Op dizze wize wol Menameradiel enerzjy besparje en ljochtfersmoarging tsjingean.

Der wurdt sjoen nei ljocht dat nei boppe skynt. Om dat te sjen sil der ynkoarten in fleantúchje oerfleane om foto's te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)