Menameradiel hâldt jild oer

11 okt 2012 - 15:44

De gemeente Menameradiel komt yn 2013 út op in lyts posityf saldo fan 50.000 euro. Dat docht bliken út de ûntwerpbegrutting foar takom jier.

Nettsjinsteande de krisis en in weromhâldend finansjeel belied sjocht Menameradiel dochs kâns om te ynvestearjen. Sa is bygelyks goed oardel miljoen euro reservearre foar ynvestearrings yn in goede omjouwing om te libjen, wenjen en wurkjen. Foar dit jier hâldt de gemeente ek jild oer. Begjin novimber komt de begrutting foar 2013 oan de oarder yn 'e gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)