Menaldum no echt Menaam

29 des 2009 - 20:34
  • Gjin drokte om ôfskie Hollânske plaknammen

It ynfieren fan Fryske plaknammen yn Menameradiel op 1 jannewaris liket yn alle stilte te gean. Yn it gemeentlike ynformaasjeblêd hat de gemeente in oprop dien oan alle ynwenners. Dy soene famylje en kunde op de hichte stelle moatte fan de offisjele plaknammen, mar út in lytse stekproef docht bliken dat der net in soad minsken binne dy't dat dien hawwe.

De gemeente is der wol klear foar. De kompjuterbestannen binne al oanpast en wurde it earste wykein fan 2010 oerset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)