Menaam stemt tsjin ôffaloven

04 maaie 2007 - 12:41

De gemeente Menameradiel moat yn de kommende oandielhâldersgearkomste fan Omrin tsjin de komst fan in ôffaloven by Harns stimme. Dat hat de gemeenteried tongersdei it kolleezje fan Boargemaster & Wethâlders opdroegen.

Alle 31 Fryske gemeenten binne oandielhâlder fan ôffalferwurker Omrin en sille op 25 maaie beslute moatte oft de ôffaloven der komt, en sa ja, oft dy dan by Harns boud wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)