In memoriam: Sytse ten Hoeve

04 jan 2016 - 12:28

Se sille him misse, yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits: âld-direkteur Sytse ten Hoeve fan Nijlân, dy't op nijjiersdei ferstoar. Ten Hoeve wie in lytse tritich jier direkteur fan dit museum, dat ûnder syn lieding in geweldige groei trochmakke. Ten Hoeve wie in karakteristyk man, fol ferhalen oer de skiednis. Hy wist ek in soad frijwilligers oan him te binen, dy't har belangeleas foar it museum ynsetten.

Neffens syn opfolger Meindert Seffinga wie Ten Hoeve in poerbêste samler fan saken dy't foar syn museum fan belang wiene.

Sytse ten Hoeve is 70 jier wurden. Hy wurdt woansdei yn syn wenplak Nijlân te hôf brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)