Memmebedriuw Perry Sport en Aktiesport definityf fallyt

23 feb 2016 - 21:26
  • Perry Sport

It memmebedriuw fan Perry Sport en Aktiesport is definityf fallyt ferklearre. Dat hat in wurdfierder fan de kuratoaren bekend makke. Moandei waard al bekend dat it bedriuw útstel fan betelling oanfrege hie.

Aktiesport hat njoggentjin fêstigingen yn Fryslân, Perry Sport twa: yn Ljouwert en op It Hearrenfean. De winkels fan Perry Sport bliuwe foarearst wol iepen. By it memmebedriuw wurkje sa'n 2500 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)