Mem Zonderland yn spanning

06 okt 2013 - 14:48
  • Epke Zonderland op brêge NK 2013, Rotterdam Ahoy

Sophie Zonderland, de mem fan turner Epke, sjoch mei spanning út nei de twa tastelfinales dy't Epke sneintemiddei turnje sil op it WK yn Antwerpen. Epke sil neist syn favorite tastel rekstôk ek de finale turnje op it ûnderdiel brêge.

De kânsen op de wrâldtitel binne lêstich yn te skatten, tinkt mem Zonderland. Ut inside information krige de famylje te witten dat Epke's grutste konkurrint de Dútser Fabian Hambüchen in hiele nije oefening op de rekstôk turnje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)