MEM net troch op sjongfestival

28 okt 2003 - 00:00

De Boalserter formaasje MEM hat moandei meidien oan de foarrondes fan it nasjonaal sjongfestival. Dat wie lykwols sûnder posityf resultaat. It gie om in spesjale foar-foarseleksje om te sjen oft der noch bysûnder talint omstapt yn de regio.

MEM wie benijd nei it oardiel fan de sjuery en sette ôf nei Assen dêr't de foarronde wie. 13 kandidaten diene mei, MEM wie de iennichste Fryske. Marijke Adema sjongt en man Hilbrand skriuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)