Mem Maria mei 6 bern dakleas

14 des 2013 - 17:54
  • Maria Bons

In mem mei seis bern is yn Ljouwert op strjitte set. Mem Maria moast troch omstannichheden har hûs út en waard troch anty-kreakynstânsje Carex yn in sloopwente oan de Bonairestrjitte pleatst. Fanwege de ûnfeilige situaasje dêr hat de plysje harren derút helle en no stean se op strjitte. De bern binne tusken de sân en santjin jier âld. Ien fan harren hat in ferstanlike beheining.

It gesin hat in nacht yn de opfang De Terp sliept, mar dat kin net langer, omdat it ûngeskikt is foar bern. De krisisopfang sit fol.

It gesin hat inkeld de klean dy't se oan hawwe. Se sizze ek net oan jild foar iten komme te kinnen, want de bankpas leit yn it sloophûs dêr't se net mear yn meie. Se krije gjin strukturele help fan de gemeente en fan ynstânsjes. Neffens Kees van Anken fan De Terp is langere opfang yn De Terp net mooglik, omdat dat gjin geskikt plak foar bern is. Van Anken hopet dat der de kommende 24 oeren in oplossing komt, mar hat dêr gjin sicht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)