Mem fan 'kofferbakjonkje' wer frijlitten

02 aug 2015 - 10:52
  • Plysje

De 41-jierrige mem fan it jonkje fan fjouwer dat freed yn Balk yn de kofferbak fan in auto siet, is wer frijlitten. Ut ûndersyk hat net bliken dien dat se wat te krijen hie mei it ynsidint. De mem wie der fan útgien dat har soantsje ûnder tafersjoch mei oaren op de merk wie.

Omstanners befrijden it jonkje út de kofferbak nei't se razen en bonken hearden. De mem waard wat letter oanhâlden. It is net dúdlik hoe't it bern yn de kofferbak kommen is. Tsjûgen ha har net meld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)