Mem en soan trapearre

09 sep 2013 - 10:44
  • Sloperij oan de Holstmeerwei yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert is sneintemiddei in mem en in soan oer it mad kaam dy't by in sloperij oan de Holstmeerwei yn Ljouwert guod besochten te stellen. It giet om in 52-jierrige frou út Den Haag en har 17-jierrige soan út Grins. In tsjûge hie de plysje belle. Doe't dy oankaam wie it twatal al net mear op it terrein. De frou koe al gau oanhâlden wurde. De soan gie it terrein wer op en klom op in masine. De plysje hat him derôf helle.

De fertochten binne meinaam nei it buro. Yn de buert fan it bedriuw is in tas mei stellen guod fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)